Soad skea by brân yn Drachten

© Omrop Fryslân
In grutte útslaande brân hat sneintemoarn betiid flinke skea oanrjochte yn winkelsintrum De Drait yn Drachten. De brân bruts om healwei fjouweren út by in kontener fan 'e C1000 supermerk. It fjoer sloech al gau oer nei de supermerk sels.
De brânwacht fan Smellingerlân en Opsterlân krigen it fjoer yn oerdel oere ûnder kontrôle. Supermerk en omlizzende winkels rûnen in soad skea op. Der wiene gjin ferwûnen.