Lykspul Boys yn lange wedstriid

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys hat sneon de topper tsjin Genemuiden gelyk spile. It waard 2-2, yn in lange spektakulêre partij.
Harkemase Boys kaam yn de earste helte mei 0-1 efter. Kooistra makke gelyk yn de 50ste minút fan de earste helte. Nei goed fyftjin minuten yn de twadde helte kaam Harkemase Boys wer efter. Op 'e nij djip yn blessueretiid waard it dochs noch gelyk, fia keeper Elzinga. De skieds hie der sin oan: de earste helte duorre 54 minuten, de twadde 58.