Greidefûgels yn kaart brocht

© Omrop Fryslân
Sa'n tachtich frijwilligers ha sneon warber west om de greidefûgels yn Fryslân te tellen. Sy diene mei oan in ynternasjonale fûgeltelling.
De telling moat ynsjoch jaan yn de oantallen en fersprieding fan greidefûgels en steltrinners. De gegevens wurde ferlike mei dy út de jierren 70 en 90. Sa kin besjoen wurde wat de feroarings yn it lânskip en tanimmende bebouwing foar gefolgen ha op it gedrach fan fûgels.