Grutte drokte op skipsbeurs

© Omrop Fryslân
De skipsbeurs yn Koudum driget út syn jaske te groeien. De beurs wurdt dit wykein foar de fjirtjinde kear holden en is de grutste fan Noard-Nederlân op it mêd fan twaddehâns skippersguod. Dit wykein wurde sa'n tûzen besikers ferwachte.
Ek hieltiten mear hannelers witte it paad nei de skipsbeurs te finen, bygelyks foar de grutte sammeling wetterliteratuur. Utwreiding fan de beurs is mar kwalik mooglik.