Engemann wint springen Indoor

18 okt 2003 - 00:00

Heinrich Engemann út it Dútse Osnabrück wûn freed by Indoar Fryslân de ynternasjonale springrubryk om de Interpolis Elfstedenpriis. Dizze rubryk jildt as de generale foar de grutte priis fan sneontejûn. Mear as 5.000 taskôgers seagen dat Engemann de spannende barraazje wûn fan sân konkurrinten.

Dield twadde waarden de Ingelsman Mark Armstrong en de Nederlanner Leon Thijssen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)