Cambuur pakt punt yn Almelo

18 okt 2003 - 00:00

Cambuur spile freedtejûn mei 1-1 gelyk tsjin Heracles. Ferdigener Bernard Schuiteman skoarde foar rêst 0-1 en dat is opmerklik want Schuiteman skoart net faak. Gelyk nei rêst makke Heracles-spits Yuri Rose gelyk. Cambuur spile in goeie wedstriid en hie mei wat mear lef en lok ek wol winne kinnen.

Troch it gelykspul docht Cambuur mei 4 punten út 2 wedstriden goed mei yn 'e twadde perioade. De slimste dip liket by de Ljouwerter ploech foarbij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)