Plysjeman mishannele yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 50-jierrige plysjeman is tongersdei yn Ljouwert slim tramtearre troch twa Ljouwerters. It giet om in resjersjeur dy't bemiddelje woe tusken twa bewenners dy't spul hiene. Ien fan de twa, in 48-jierrige man, waard agressyf. De man en syn soan(27) smieten de plysjeman op 'e grûn en skopten de man. De man hie drank op.
De plysjeman hat oanjefte dien fan bedriging, mishanneling en iepenbiere geweldpleging.