Ferkearshinder nei ûngelok A7

© Omrop Fryslân
De autodyk A7 hat freed tusken Snits en De Jouwer in skoft ôfsletten west foar ferkear. Oanlieiding wie in ûngelok mei in frachtauto. Dy wie yn de sleat bedarre, nei't de sjauffeur út de tiid rekke wie.
It ferkear moast no oer yndustryterrein Houkesleat en de paralleldyk by de A7. Dat soarge foar lange files. Ek it ferkear op de rûnwei fan Snits hie troch it ûngelok mei fertraging te meitsjen.