Santi Kolk nei FC Den Bosch

17 okt 2003 - 00:00

Reservespits Santi Kolk fan SC Heerenveen giet per direkt nei FC Den Bosch. Dat is freed bekendmakke. Kolk wurdt oan it ein fan it seizoen ferhierd. Moandei traint er al by de Bosschenaren.

Kolk komt net mear yn oanmerking foar in basisplak by SC Heerenveen en mocht dêrom fuort. Fjirtjin dagen lyn hie Cambuur ynteresse foar de 22-jierrige oanfaller, mar dy woe dêr net hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)