Achtkarspelen skrikt fan kosten

17 okt 2003 - 00:00

De Wet Voorzieningen Gehandicapten, de WVG en it learlingeferfier yn Achtkarspelen kostje de gemeente te folle jild. Foar takom jier ferwachtet Achtkarspelen in tekoart fan goed fjouwer ton foar de WVG. Oan it learlingeferfier is de gemeente yn 2004 seis-en-in-heale ton kwyt.

Achtkarspelen is der sa fan skrokken dat der no in eksterne saakkundige ynhierd wurdt om út te finen hoe't de sitewaasje ûntstien is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)