Sosjale Winkel nei gemeenteried

17 okt 2003 - 00:00

De Sosjale Winkel yn Ljouwert freget de gemeenteried fan Ljouwert om him yn te setten om mear jild foar de winkel los te krijen. De Sosjale Winkel is der foar minsken dy't fragen of problemen hawwe op sosjaal gebiet. De organisaasje krijt it de lêste tiid hieltyd drokker.

Wethâlder Hafkamp sjocht gjin mooglikheden om nochris 100.000 euro subsydzje te jaan op de oardel ton dy't de gemeente al jout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)