9 âlde mantsjes komme werom

17 okt 2003 - 00:00

Der komme wer njoggen karakteristike wylgen by it fytspaad del tusken Koatstertille en Twizel. De beammen ferwize nei de namme fan it fytspaad de njoggen "âlde mantsjes". Eartiids bepaalden njoggen stobbewylgen it byld fan it paad dêr't bêrn nei de kristlike skoalle yn Twizel kuierden.

De gemeente hat begjin dit jier al nije wylgen oanplante, mar op it ferkearde plak. Derom sil Achtkarspelen op koarte termyn de wylgen ferplantsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)