Mear betelje fanwege ôffalbult

© Omrop Fryslân
Yn Achtkarspelen sit de gemeente oanklaud mei in hieltyd tanimmende ôffalbult. Foar it kommende jier ferwachtet de gemeente dat der 8000 ton hússmoargens ferwurke wurde moat. Dat is 5 persint mear as oer 2002.
De gruttere produksje betsjut dat de ynwenners mear betelje moatte, sa giet de saneamde reinigingsheffing omheech mei 6,5 persint. De lokale partij GBA is it net iens mei de hegere lesten, om't alles al sa djoer wurden is.