FD skrast yn advertinsje LC

16 okt 2003 - 00:00

It Friesch Dagblad hat skrast yn 'e tekst fan 'e advertinsje fan 'e Ljouwerter Krante yn 'e jubileumbylage fan it FD. Neffens direkteur Lútsen Kooistra giet it om in fersin. Hy fûn de advertinsje fan it LC 'moai en kollegiaal' en neamt it spitich dat it 'yn it bedriuw mis gien is'.

Yn 'e advertinsje wurdt njonken in lokwinsk ferwiisd nei de 'sores' dy't it FD hat om as lytse krante te oerlibjen. Dy tekst is skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)