Presintaasje 'Schrieveri'je'

© Omrop Fryslân
It boek 'Schrieveri'je' is tongersdei oanbean oan boargemaster Heite fan Eaststellingwerf by de Stellingwarver Schrieversronte yn Aldeberkeap. It boek bestiet út toanielstikken, foardrachten en gedichten fan Rommert Oosterhoff, haadûnderwizer op De Hoeve fan 1918 oant syn dea yn 1945.
It boek is gearstald troch professor Jacob Oosterhoff út Zeist, soan fan Rommert. Hy hat ek it argyf fan syn heit oan de Schrieversronte jûn.