Enerzjy troch dongfergisting

© Omrop Fryslân
As je metaangas helje út dong en oar enerzjyk natuerlik ôffal yn in saneamde fergister, dan leveret dat in soad enerzjy op. Safolle sels, dat in groep boeren en ûndernimmers mei dizze metoade yn de takomst it grutste part fan de gemeente Eaststellingwerf fan duorsume enerzjy foarsjen wol.
De metoade hyt dongfergisting en komt út Denemarken. Op de pleats fan boer Gorter yn Makkingea waard tongersdei omtinken frege foar dizze technyk.