23 steateleden krije wachtjild

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân meitsje 23 âld-steateleden gebrûk fan in wachtjildregeling. Yn Limburch is der kommoasje oer ûntstien om't âld-steateleden dêr wachtjild krigen wylst se al in nije baan hawwe. Net bekend is hoefolle fan de 23 âld-steateleden hjir in baan hawwe.
De hichte fan it wachtjild is yn Fryslân ôfhinklik fan it ynkommen. In âld-steatelid krijt dus minder as hy of sy in baan hat. It maksimale bedrach is 907 euro.