Feiling sulveren knottekistjes

© Omrop Fryslân
By feilinghûs Sotheby's yn Amsterdam wurdt moandei 3 novimber in tal bysûndere sulveren foarwerpen út Fryslân feild. Der sit ûnder oaren in santjinde-ieusk knottekistje fan de Ljouwerter sulversmid Jacobus Harmens Raapvelt by. De wearde dêrfan wurdt rûsd op 15.000 oant 18.000 euro. Ek wurdt der in beker fan de Boalserter smid Douwe Clasen feild.
Sotheby's ferwachtet in soad belangstellenden by de feiling.