BFVW: ek pikesoarch troch boeren

16 okt 2003 - 00:00

Boeren moatte maatregels nimme om net allinne de nêsten, mar ek de piken fan de greidfûgels te beskermjen. Dat fynt it Bûn foar Fryske Fûgelwachten. It BFVW giet kommende winter mei in presintaasje de provinsje troch om boeren te oertsjûgjen fan de needsaak fan neisoarch foar piken.

Boeren kinne bygelyks in stikje net meane, kij ferweidzje om it lân wat fertraapje te litten en de sleatswâlen net al te steil ôfrinne litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)