Ferkear mei yn winkelstrjitte

© Omrop Fryslân
De Stasjonsstrjitte yn Easterwâlde giet wer iepen foar alle ferkear, útsein middeis troch de wike. De strjitte is de wichtichste winkelstrjitte yn it doarp. De gemeenterie ferbea yn maart dit jier alle ferkear yn de strjitte fan 12 oere middeis ôf.
De ûndernimmers kamen yn ferset en tsjinnen in klacht yn by in ûnôfhanklike kommisje. Dy hat no bepaald dat de gemeenterie en B&W fan Eaststellingwerf in foarmflater makken.