Kneppel brûkt by moard Haule?

© Omrop Fryslân
Kafeebaas Werkman fan de Haule is mei in swier foarwerp op de holle slein. It stoflik omskot waard fûn op de bank yn de wenromte achter it kafee. Dat skriuwt De Nieuwe Ooststellingwerver.
It streekblêd hat praat mei de eks-frou fan Werkman. Sy seit dat flakby it lichem in soart kneppel lei, mooglik in stik fan in trepleuning. De plysje wol de ynformaasje net befêstigje, mar ûntkent ek neat. Fêst stiet dat Werkman troch in misdriuw om it libben kaam.