Nije blusauto foar fleanbasis

16 okt 2003 - 00:00

De fleanbasis Ljouwert hat in nije brânwachtwein. It is in futuristyske auto fan tolve meter lang, mei twa wetterkanonnen. De wein kin 12.000 liter wetter meinimme.

De fleanbasis krijt noch twa fan sokke brânwachtauto's om dêrmei de âlde te ferfangen. De wein dy't no yn gebrûk nommen is, is spesjaal ûntworpen om fleantúchbrannen te bestriden. De blusauto sil ek ynset wurde by grutte brannen yn Ljouwert en omkriten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)