Maatregels rotonde De Jouwer

15 okt 2003 - 00:00

Noch altyd steane der files op it grutste ferkearsplein fan Nederlân, de rotonde fan De Jouwer. Sels 2 by-passes hawwe gjin ein oan de files makke, ek al is der no wol wat minder drokte.

Rykswettersteat presintearre woansdei nije maatregels. Ein novimber komme der in tal nije buorden. Dy moatte automobilisten wize op de maksimumsnelheid op it plein fan 50 km. Foar oare maatregels is gjin jild. De gemeente fynt de buorden net foldwaande.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)