Yildirim nei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Ugur Yildirim fuotballet mei yngong fan it nije seizoen foar SC Hearrenfean. De 21-jierrige oanfaller spilet by Go Ahead Eagles dêr't er it seizoen ôfmakket. Om't yn Deventer syn kontrakt ôfrûn, wie der in soad belangstelling foar him fan ûnder oare klubs as RBC, FC Twente, Willem II en FC Groningen.
By de Friezen krijt er in kontrakt foar trije jier, mei in opsje foar noch twa jier. Hy hat woansdei it kontrakt tekene.