Grutste sinnedak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It grutste sinnedak yn Noard-Nederlân is yn Ljouwert. Wenningboukorporaasje Nieuw Wonen Friesland is woansdei begûn mei it pleatsen fan 5000 kante meter sinnepanielen op huzen yn de stêd. De sinnepanielen leverje foar 110 gesinnen enerzjy op. Kosten 2,5 miljoen euro.
Mei dit projekt slút de korporaasje oan by de lanlike kampanje. Fan 16 oktober ôf wurdt de subsydzje op sinnepanielen ôfskaft om't it de oerheid te folle jild kostet fanwegen it grutte sukses.