Regels om iel te beskermjen

© Omrop Fryslân
In tydlik fangstferbod en plakken dêr't ielfiskers net fiskje meie. Dat stelt de Europeeske Kommisje út om de iel tsjin útstjerren te beskermjen. It stiet yn in brief oan it Frysk Bûn fan Binnenfiskers.
De binnenfiskers ha sels ek plannen om de fiskstân te ferbetterjen troch in fjirde fan de fangst wer út te setten. As de Europeeske maatregels takom jier trochgeane, kin de helte fan de 21 Fryske binnenfiskers wol ophâlde.