Ravaazje troch oanriding A31

15 okt 2003 - 00:00

By in oanriding op de A31, tusken Frjentsjer en Ljouwert binne woansdei fiif auto's swier beskeadige. Net ien rekke ferwûne. In frachtwein botste op in truck mei oanhinger dy't doe fan de dyk rekke. In auto op de truck lâns de dyk. In oare wein botste op de pallets dy't fan de oanhingwein fallen wiene.

Yn de file dy't ûntstie botsten noch twa auto's op elkoar. De A31 wie in skoftke ôfsletten foar ferkear om't der asbest op de dyk kaam wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)