Spul oer jild swimbad

© Omrop Fryslân
De swimbaden yn Eaststellingwerf ha in tekoart op de eksploitaasje. De gemeente is ree in liening fan 70.000 euro te jaan. Dat soe it tekoart fan dit jier en ferline jier opfange.
De gemeente en de stichting dy't de swimbaden draaiende hâldt, binne it ûniens oer de oplossing op lange termyn. Neffens foarsitter Van Dam fan de stichting moat de gemeente mei útstellen komme dy't de oarsaak fan de tekoarten fuortnimme.