De Moanne ferskynt wer

© Omrop Fryslân
It algemien-kulturele tydskrift de Moanne ferkynt fan de wike wer. It blêd is trije nûmers net útkommen. Der wienen problemen nei't einredakteur Janzen yn july syn wurk dellei. It blêd moat op syk nei redakteuren en jild om bestean te bliuwen. Der is in tekoart fan 30.000 euro.
De redaksje hat it konflikt dat der wie mei de Koperative Utjouwerij bylein. De Afûk wurdt tenei mear by it blêd belutsen.