Mear wurkleazen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It tal wurkleazen yn Fryslân is yn septimber mei 2,6 prosint tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it Sintrum foar Wurk en Ynkommen. Trochstrings kamen der yn Nederlân 2 prosint mear wurksykjenden by.
De wurkleasheid yn Fryslân nimt dus hurder ta as it lanlike gemiddelde. Yn Grinslân en Noard-Drinte is de taname mei 1,7 prosint krekt leger as de lanlike 2 prosint. It CWI hie noch gjin ferklearring foar de gruttere taname.