Noch gjin jild foar stipepunt

14 okt 2003 - 00:00

Foar Flechtlingewurk Fryslân en de stifting Respons is it dizze moanne derop of derûnder as it giet om in profesjoneel stipepunt. Sa'n stipepunt waard earder oankundige om dêrmei guon frijwilligers te helpen dy't útprosedearre asylsikers bysteane.

Foar it stipepunt is in euroton fan de provinsje nedich. Dy hat ynearsten nee sein tsjin it fersyk. Mar yn de steatefraksjes wurdt dêr noch oer praat. De útslach komt dizze moanne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)