Jeugd oppakt foar brânstichting

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Ljouwert acht jongeren fan tusken de trettjin en achttjin jier âld oanholden. Sy wurde derfan fertocht dat se op ferskate plakken brânstichte hawwe.
Yn de Van Loonstraat stie in jiskefet yn 'e brân en ek in moetingsplak foar jongeren hie yn 'e brân stien. In foarbygonger dy't de plysje misledige, is ek oanholden. Alle fertochten binne nei ferhoar wer frijlitten.