Nominaasje foar SLOT

© Omrop Fryslân
De lokale omrop fan Tytsjerksteradiel, SLOT, is nominearre foar de bêste lokale omrop fan Nederlân. Mei noch acht oare wurdt striden om de ûnderskieding. Ein novimber is dúdlik oft de SLOT yn de prizen fallen is.
Ferline wike krige de omrop noch te hearren dat har gebou ôfkard is. Omdat der gjin flechtwegen binne is it pân ûnfeilich. Der wurdt no omsjoen nei in oar gebou foar de Tytsjerksteradieler omrop.