Gemeente akkoart mei opfang

13 okt 2003 - 00:00

Wûnseradiel hat der gjin problemen mei dat it eardere opfangsintrum foar asylsikers yn Wytmarsum brûkt wurdt foar útprosedearre flechtlingen. Boargemaster Piersma fynt wol dat der sa gau mooglik ien sintrale opfang foar dizze asylsikers yn Fryslân komme moat.

Sûnt koart wurdt der in tal yllegale flechtlingen yn it âld azc opfongen. It giet om fjouwer gesinnen. Sy sitte dêr ûnder ferantwurdlikens fan flechtlingewurk Wûnseradiel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)