Kangoeroe út Rottefalle wer pakt

13 okt 2003 - 00:00

Ut it hartekamp fan De Rottefalle binne sneintenacht in kangoeroe en in hart ûntsnapt. De bisten koene ûntkomme om't der gatten yn it stek knipt wiene. Wa't dat dien hat, is net bekend. De kangoeroe is tiisdeitemoarn wer fongen by Droegeham, it hart is noch fuort.

De stekken waarden al earder fernield. In kangoeroe rekke doe fêst yn de betriedding en moast mei slimme ferwûnings ôfmakke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)