30ste Strontrace yn Warkum

© Omrop Fryslân
Foar de 30ste kear is moandei de Strontrace begûn. De skûtsjes mei droege stront sile fan Warkum nei Warmond en werom. Reid de Jong organisearre de wedstriid foar it earst yn 1973. Hy woe de histoarje fan it begjin fan de foarige ieu libje litte.
Skippen meie de motor net brûke, dat de bemanning sil sa rap mooglik jage en bome moatte op de Iselmar, troch Amsterdam en Noard-Hollân. Se moatte sa'n fjirtich brêgen en slûzen troch.