Kafee-eigner Haule dea fûn

© Omrop Fryslân
De 34-jierrige Fokko Werkman is sneintemiddei dea oantroffen yn kafee De Turfsteker yn Haule. Werkman wie de eigner fan it kafee. Hy is mei geweld om it libben brocht.
De plysje hat 25 man op de saak set en is noch op syk nei tsjûgen of minsken dy't sneon yn it kafee wiene. Haule is ferslein troch de moard op Werkman. De kroechbaas stie bekend as in rêstich man. Neffens doarpsbewenners is der neat stellen út it kafee.