Mear koart plysjenijs
In 26-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein in 36-jierrige man út Snits mei in flesse op 'e holle slein. Dat barde yn in hoarekagelegenheid yn Ljouwert. De Snitser is behannele yn it sikehûs. De oanlieding lei yn de relasjonele sfear.
In famke út Almere (12) is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op Skylge. Se waard op 'e fyts oanriden troch in automobilist fan Skylge (45). Se is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.