Bedriging op Piet Kramerplein

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige frou en in man út Ljouwert binne sneontemiddei bedrige troch in jonge mei in mes yn in supermerk op it Piet Kramerplein. De frou die oanjefte by de plysje en joech dêrby de namme fan de dieder troch.
De plysje hat dêrnei de jonge (15) oanhâlden yn syn wenning. In pear wiken ferlyn waard in kassjêre fan de C1000 op it Piet Kramerplein delstutsen. In pear dagen nei de stekpartij waard in fertochte (21) oppakt.