VC Snits ferliest fan Volco
De volleybal-froulju fan VC Snits binne de kompetysje yn de earedivyzje begûn mei in earfolle 2-3 nederlaach tsjin Volco út Ommen. It wie in wiere thriller mei de setstannen 25-20, 25-27, 18-25, 25-23 en 11-15.
Yn de twadde set kaam Snits mei 16-10 foar en hie op 25-24 setpoint, mar nei't Volco dochs de setwinst pakte, knapte der wat by de thúsklub.