Wer tydlike opfang yn Wytmarsum

12 okt 2003 - 00:00

It tydlike opfangsintrum yn Wytmarsum wurdt sûnt koart opnij brûkt as húsfestingplak foar asylsikers. Yn gearwurking mei de stifting Flechtlingewurk Wûnseradiel hat Theo van der Molen, eigner fan it sintrum, in part fan it gebou beskikber steld.

It tydlike opfangplak stie sûnt 1 septimber leech. Op it stuit binne der lykwols wer fjouwer útprosedearre gesinnen yn Wytmarsum. De needopfang is foar maksimaal ien jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)