Utstalling oer Alvestêde-froulju

© Omrop Fryslân
Yn it reedridersmuseum yn Hylpen wurdt no freed in útstalling oer froulike dielnimmers oan de Alvestêdetocht iepene. De rol fan froulju by de tocht der tochten is altyd wat ûnderbeljochte en it museum wol dêr wat oan dwaan.
Yn de Alvestêdeseal binne bygelyks foto's te sjen fan froulju dy't as earste oer de streek kamen, klean fan guon rydsters en startkaarten. Froulike winner fan '85, Lenie van den Hoorn, iepent de útstalling.