Papegaaiebuert op monumintelist?

12 okt 2003 - 00:00

B&W fan Smellingerlân wolle dat de earder lânbouskoalle en in tal huzen oan de Torenstrjitte en de Oosterstrjitte yn Drachten oanwiisd wurde as Ryksmonumint. Dat stelle se de ried foar.

De huzen binne begjin foarige ieu boud en skildere neffens keunststreaming De Stijl. De gebouwen binne yn de jierren '80 opnij yn de âlde kleuren skildere. Feriening Smelnes Erfskip wol ek dat de gebouwen Ryksmonumint wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)