Van Dort wint Noorderfitrun

© Omrop Fryslân
De 10 kilometer lange Noorderfitrun is wûn troch de Amsterdammer Edwin van Dort. Hy rûn de tocht yn 34,02. Ynze Stienstra fan Wergea waard 1,26 minút letter twadde en de Ljouwerter Jacob van der Ley waard tredde. Hy rûn 34,32.
By de froulju wûn Nynke Mirjam Visser, ek út Amsterdam. Sy kaam binnen yn 39,18. Willy Heidinga út Ljouwert waard twadde yn 42,22. Willemien Zandberg fan Drachten einige as tredde yn 43,29. De tocht waard sneon ferrûn yn Ljouwert.