Harkemase Boys - Urk: 5-0

11 okt 2003 - 00:00

De wedstriid tusken haadklassers Harkemase Boys en Urk is sneon einige yn 5-0. Tony Alberda skoarde twa kear foar de Harkemase Boys. Menno Reinders makke in suvere hattrick troch trije kear de bal foarby doelman Kramer fan Urk te krijen.

De spilers fan Urk mistten dúdlik krêft. De Harekiten litten yn dizze wedstriid moai effisjint fuotbal sjen. Harkemase Boys stean no mei Genemuiden en DOS Kampen oan kop mei 16 út 7.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)