Wachtlisten foar diplomaswimmen

11 okt 2003 - 00:00

Foar it diplomaswimmen yn Ljouwert komme moannenlange wachtlisten. Op 1 novimber slút swimbad Kealledykje om't it net mear feilich is. Elkenien dy't swimme wol, moat dan nei De Blauwe Golf.

Bern dy't al dwaande binne mei diploma A of B meie it ôfmeitsje, mar wa't begjinne wol mei nije lessen moat noch even wachtsje. Der wurdt wol besocht de wachtlisten sa koart mooglik te hâlden. Sa kinne bern yn de hjerstfakânsje yn in wike tiid har B-diploma helje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)