Mega-oranjekoeke yn De Knipe

© Omrop Fryslân
Bakker Boonstra yn De Knipe hat sneon in mega-oranjekoeke bakt fan mar leafst 8 meter lang en 2 meter breed. De oranjekoeke waard ûntbleate troch fertsjintwurdigers fan basisskoalle De Pream en de Compagnonsskoalle.
Knypsters en besikers fan de allegoaryske optocht, dy't ek sneon hâlden waard, koene in stikje fan de oranjekoeke keapje. Se stipen dêrmei de ynrjochting fan de mienskiplike rûmte yn multifunksjoneel sintrum De Barte.