Nepmeiwurkers thússoarch

11 okt 2003 - 00:00

Thússoarch De Friese Wouden warskôget de klanten foar nepmeiwurkers. Ofrûne wike hat in âldere klant in frou oan de doar hân dy't sei dat se fan de thússoarch wie en dat sy by him himmelje soe. De man fertroude it net en frege nei har identiteitspaske.

De frou naaide doe hurd út. Omdat de thússoarch tinkt dat de frou faker besocht hat om klanten op te lichten, wurdt no warskôge om der goed om te tinken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)