Cambuur pakt trije punten

11 okt 2003 - 00:00

Einlings wer in bytsje feest freed yn it Cambuurstadion. De Ljouwerters wûnen mei 2-0 fan AGOVV. Doelpuntemakkers: Jan Bruin en Harvey Bischop. Man fan de wedstriid wie nijeling Raymond Bronkhorst. De middenfjilder foarme in dúdlike oanwinst troch tempo yn de oanfal te hâlden en ek ferdigenjend goed wurk te dwaan.

Ties Heldens siet op de tribune. Hy wie disiplinêr skorst fanwege in ynterview yn Huis aan Huis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)