Nije muzykskoalle Balk iepene

10 okt 2003 - 00:00

Balk hat wer in muzykskoalle. De skoalle sit no yn it âld pompeboufabryk fan Mous. Freed waard de nije akkomodaasje iepene troch wethâlder De Boer. Ein ferline jier gong de muzykskoalle op de âlde lokaasje ticht.

Wichtichste reden dêrfoar wie dat it min steld wie mei de brânfeiligens. It nije sintrum foar de keunsten, dêr't de muzykskoalle ek ûnder falt, hat 400.000 euro koste. Mooglik komt de biblioteek ek noch yn it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)